Ons Frisia

Cultureelhistorisch

Friesland

Frysk ferline op de Faroer

Fryske gechienis libbet by in soad minsken. Dat docht bliken út it bestean fan de facebookgroep https://www.facebook.com/jongfriezen. Do ferwachtsje earder sporen van de vikingen te finen op de Faroer. Maar ferjit net dat wy Frysken ek een ferline hawwe mei de Vikingen. De Frysken geane in die tiid ek op viking.

In swiere Fryske delgaasje bestjoerders giene ôfrûne wike nei de Faraoer eilannen ta en fernuveren har hoe’t de eigen taal sa goed yn stân holden waard foar it Deensk en Ingelsk oer. Eke Folkerts frege har dochs ôf hoe’t dat mooglik wie. No juh, it hat te krijen mei dúdlike karren. Salang’t der op de Fryske skoallen yn it Nederlânsk les jûn wurdt sil it Frysk nea in earlike kâns krije. Kwa Frysk skriuwen binne alle bern analfabeet yn harren eigen memmetaal. Mar werom nei de Faraòer. Wisten jim fan de Fryske woartels dy’t dêr ek yn’e grûn sitte?

Neffens Faeröerske legindes en folkslieten wie der in Fryske koloanje yn Akraberg fan it jier 1040 oant de Swarte Dea de measten fan harren om 1350 hinne deade. In pear fan har, in man mei de namme Bóndin ‘Akrabergi’ (De Boer van Akraberg), soe de Swarte Dea oerlibbe ha en dêrnei ferhuze er mei syn húshâlden nei Subema. De Friezen bleaunen lang heidens neidat de rest fan de Faeröer-eilannen kerstend wiene. Der wurdt sein dat se foar in part fan piraterij libben en se wurde neamd yn ferskillende Faeröerske legindes.

De leginde fan de Friezen fan Akraberg (koarte gearfetting)

Lang, lang lyn — yn de tiid fan stoarmeftige seeën en tsjustere wynen — kamen in groep frjemde manlju oan by it súdlikste punt fan de Faeröer: Akraberg. Se kamen fan it suden, út in leech, flak lân dêr’t de see dwers troch de lannen rûn. Sy neamden harsels Friezen.

De Friezen wiene oars as de lokale minsken. Se sprieken in frjemde taal, droegen oare klean en brûkten ûnbekende techniken foar fiskjen en boujen. Mar se wiene freedsum, en sette har dêr nei wenjen.

De Friezen brochten kennis mei: se lutsen greppels troch de wetterige boaiem, makken túnwâlen tsjin de wyn, en bouden solide huzen fan stien. Se leine fiskroasters oan, brûkten netten dy’t de Faeröersken net kend hiene, en lutsen safolle fisk út see dat guon seine: “Se hawwe de see sels yn harren macht.”

De lokale minsken, fral in pear lânadel en prysters, begûnen har tsjin de Friezen te kearen. Se seinen dat de Friezen net leauwich wiene, dat se mei geasten sprieken, en dat se it lân fan de hilligen oantaasten.

Doe, op in nacht dêr’t de wyn sa heech song dat minsken net sliepe koene, kaam der in stoarm dy’t alles ferwoaste. Yn de leginde wurdt sein dat de stoarm net fan natuer wie, mar roppen troch de ûntefredenens fan minsken of sels de tsjerke.

Doe’t de stoarm foarby wie, wiene de Friezen fuort. De huzen leine yn ruïne, der wie gjin spoar mear fan harren skippen. Allinnich in pear stiennen, en de namme Frísarnir í Akrabyrgi bleau achter.

Sûnt dy tiid seit men:

“As de wyn út it suden komt, kinne je de stimmen fan de Friezen

noch hearre oer de kliffen fan Akraberg.”

Poeh dy hakt deryn of net

Bron : https://www.facebook.com/jongfriezen

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *